Noch hieltyd komme mear minsken yn de bystân

© ANP
It oantal minsken yn de bystân giet noch hieltyd omheech. Ferline jier sieten der 450.000 yn de regeling en dat binne der 16.000 mear as it jier derfoar. It giet benammen om jongerein en 45-plussers. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. De gemeente Ljouwert stiet op it 29ste plak wat it oantal minsken yn de bystân oanbelanget. Tolve prosint dêrfan krijt al langer as njoggen jier in útkearing.
Dreech
It is neffens it CBS dreech om út de bystân wei in baan te finen, benammen foar de groep 45-plussers. De ANBO neamt dat soarchlik en seit dat minsken gauwer yn de bystân komme, no't de ww-útkearing koarter duorret.
Jongerein
In oantal jongeren oant 27 jier dat yn de bystân komt, gie mei 4000 omheech. De stiging komt diels troch in taname fan jongerein dy't oars in Wajong-útkearing krige, mar der net langer rjocht op ha.