Drachtster frou skrikt wekker fan ynbrekker yn sliepkeamer

29 feb 2016 - 10:00

In 71-jierrige bewenster fan in flat oan de John F Kennedyleane yn Drachten skrok sneontejûn wekker fan in ynbrekker yn har sliepkeamer. Nei't de frou hurd begûn te razen, naaide de man út. Tsjûgen seagen trije ynbrekkers hurd fuortrinnen en yn in auto stappen. Dy ried gau fuort.

De manlju hiene in bankpas en jild stellen. De plysje hat fan ien fan de mannen in sinjalemint, it giet om in ljochttinte man tusken de 25 en 30 jier. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)