Kollum: ''Wy misse de moppekening''

29 feb 2016 - 08:35

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

''Bomoanslaggen yn Bagdad, driigjende ûntslaggen by de Fryske thússoarch, Guus Meeuwis dy’t yn skieding leit en it alarmearjende berjocht dat ús bern fierstente min griente ite. Wat in ellinde yn de wrâld net? En dit is noch mar in lytse gearfetting fan it nijs fan de ôfrûne wike. Kinst de radio of telefyzje net mear oansette as de rampspoed dinderet oer ús hinne.

Ek by de Omrop sitte wy net yn ús meast gelokkige tiid, om it mar foarsichtich út te drukken. Besunigings en it ferlies fan ús selsstannichheid hingje as it swurd fan Grutte Pier boppe ús holle. Mar gelokkich ha wy hjir ien kollega, dy’t de fleur der wat ynhâldt. Alle middeis by de lunch yn de Omrop-kantine docht er efkes in mopke. Dat begûn ea mei in ûnskuldich flauw mopke dy’t er de moarns yn de Donald Duck lêzen hie. Mar stadichoan is it moppe-oerke útgroeid ta in wiere lachterapy. Even alle ellinde fan ús ôflaitsje. Wy kinne eins net mear sûnder.

Mar de ôfrûne wiken is it stil yn de kantine. Deastil doar ik wol te sizzen. Us mopkes-kollega is nammentlik út de running. Letterlik en figuerlik, want hy is operearre oan syn knibbel. Hy sit ferplichte thús op ‘e bank en folget ús fia radio en telefyzje. Sa no en dan krij ik in berjochtsje dat er nei ús swaait en fansels swaaie wy dan efkes werom. Hy ferfeelt ‘m de pleuris lit er my witte, want in ADHD-pasjint kin mar lestich stil sitte. Earme jonge.

Sneu en alles, mar wy binne der hjir ek mar moai klear mei. Wy moatte it dwaan sûnder ús terapeutyske lachsessies tusken de middei. Wy sitte no mei in ferbrânde tonge ús gleonhjitte lekkerbekje yn heech tempo nei binnen te skrokken. Alles om mar wer sa rap mooglik út dat sjagrijnige hok te kinnen. Der kin werklik wier gjin glimke mear ôf. Dus dêrom wol ik no in oprop dwaan oan alle kollega’s hjir om har oan te melden as tydlike ferfanger fan ús mopkeskening. Ik bin sels ek al drok oant oefenjen, mar earlik is earlik: ik ha it simpelwei net echt yn ‘e fingers.

Neffens my kinst minsken yn trije haadtypen ûnderskiede. Mantsjes en froutsjes, kâld- en waarmbloedich en wol en net yn steat om moppen te fertellen. Mar dy lêste kategory sjochst yn gjin inkeld biologyboek werom. En dat is dochs raar. It is nammentlik echt sa datst fan natuere de gave ha moast om moppen te ûnthâlden én te fertellen.

Do hast fêst ek wol ien yn de famylje of freonekring Jacob, sa’n buorman dy’t op in feestje it iene nei it oare mopke út de mouwe rûgelje lit. Mar der binne ek minsken dy’t just totaal gjin moppen fertelle kinne. Healwei de mop reitsje se de tried kwyt of slimmer noch: se witte har noch frij knap troch it ferhaal te skutterjen, mar slagje der oan de ein op mirakuleuze wize yn om de clou wol sa lullich te fertellen dat gjinien mear laket. En sa’n moppekneus bin ik dus.

Ik hear alle tongersdeis by myn toeterklup in legio oan moaie mopkes. Net allegearre binne se like geskikt om te fertellen yn de Omrop-kantine moat ik der by sizze, mar de mopkes dy’t der noch krekt op troch kinne, notearje ik yn stekwurden yn myn telefoan. Moarns betiid sit ik boppe in droege cracker op myn nije mopkes te oefenjen, mar hoe’t ik ek repetearje, it slagget noch net echt.

Dus hjirby de oprop oan alle kollega’s om jimme oan te melden as de tydlike ynterim moppekening. Hoechst mar oan in trije kritearia te foldwaan. Alderearst moast sels al laitsje foardatst mei de mop begjinst, want dat docht de orizjinele moppekening ek . As twadde moast in bytsje lykje op Sjinkie Knegt, want dat docht ús echte moppekening ek. En ta beslút moast it fertellen in bytsje goed ûnder de knibbel ha. In sûne knibbel wolteferstean, want dy hat ús eigen moppekening net.

Timo, betterskip en oant gau!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)