Brân yn kassekompleks yn Bitgum ûnder kontrôle

Yn in kassekompleks oan De Bodde yn Bitgum hat moandeitemoarn in grutte brân west. In mingynstallaasje foar de dong dy't yn it bedriuw brûkt wurdt, wie yn de brân flein. De ynstallaasje stiet yn it midden fan in grutte kompleks. Om't it gebou fol reek stie, wie it foar de brânwacht dreech om by it fjoer te kommen.
​De brânwacht hie grut opskaald om it fjoer te bestriden, der wie ûnder oare in grut wettertransport oproppen. Nei oardel oere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. Om't de wyn geunstich stie, is de reek oer it lân fuortwaaid.
Technyske ynstallaasje 
Neffens wurdfierder Rutger de Groot fan de brânwacht Fryslân ûntstie de brân nei alle gedachten yn de technyske ynstallaasje fan it kassekompleks.