Auto slacht oer de kop tusken Ljouwert en Drachten

29 feb 2016 - 08:08

Op de Wâldwei fan Ljouwert yn de rjochting fan Drachten is moandeitemoarn in auto oer de kop slein. De bestjoerder rekke hjirby ferwûne, mar koe wol sels út de auto komme.

It slachtoffer is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele. Hoe't it koe dat de auto oer de kop sloech, wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Ljouwert Drachten ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)