UNIS Flyers wint fan Turnhout, play-offs tsjin Luik

29 feb 2016 - 08:01

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneintejûn de lêste wedstriid fan 'e reguliere kompetysje mei 8-3 wûn fan Turnhout. Nei de earste perioade wie it al gau 4-1 foar de Feansters. Yn it twadde part rûnen de Flyers út nei 7-2 foarsprong. Benammen Kevin Nijland makke yndruk troch in hattrick te meitsjen. De winst kaam yn de tredde perioade net mear yn gefaar.

Troch de oerwinning einige de klup op it twadde plak yn pûl A fan de BeNe-League. Yn de play-offs komme de Flyers takom wykein út tsjin Luik, de nûmer trije fan groep B.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)