Follybalsters Snits begjinne mei winst yn play-offs

Froulju VC Snits © Omrop Fryslân, Freark Wijma
De follybalsters fan Snits ha de earste wedstriid yn de kampioensgroep mei 3-1 wûn fan Zwolle. De Snitser froulju liken in maklike 3-0 útoerwinning te heljen, nei winst yn de earste twa sets mei 25-10 en 25-18.
Yn de tredde set waard in romme foarsprong út hannen jûn. Mei 34-32 luts Zwolle doe oan it langste ein. Dêrnei makke de ploech fan trainster Petra Groenland gau dien wurk mei 25-14.