Twa auto's yn de sleat neist de A7 by Aldehaske

28 feb 2016 - 15:13

Op de A7 fan De Jouwer nei It Hearrenfean by Aldehaske binne sneintemiddei twa auto's yn it wetter rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak botsten de auto's op elkoar, wêrnei't se beide yn de sleat telâne kamen.

Meardere ambulânses, brânwachtauto's en in traumahelikopter waarden oproppen. De ynset fan de traumahelikopter wie úteinlik net nedich. By it ûngelok rekke in noch ûnbekend oantal minsken ferwûne. Sy binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Aldehaske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)