Advokaat Tjalling van der Goot krijt driichmails

Strafrjochtadvokaat Tjalling van der Goot is dizze wike yn meardere mails bedrige en misledige. Dat sei hy yn syn kollum yn it programma Buro de Vries by Omrop Fryslân.
Dat gebeurde nei't er nominearre wie as meast wurdearre advokaat fan Nederlân, mei noch twa oare advokaten. De dei dêrnei krige Van der Goot de earste driichmails. Yn ien derfan stie: "vuile huichelaar en hond. Hoop dat je in de goot belandt".
Van der Goot neamt sokke reaksjes spitich, mar hy wurdt der ek striidber fan, seit er. Neffens him jout it oan dat abbekaten mear nedich binne as oars.