De syktocht nei de waskbearhûn is los

28 feb 2016 - 14:53

Dit wykein is by Aldeholtpea begongen mei de syktocht nei de waskbearhûn, mar it bist waard net oantroffen. De kommende moannen wurdt ûndersocht hoefolle fan dizze bisten der binne yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. It ûndersyk wurdt dien yn opdracht fan de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit.

De waskbearhûn komt oarspronklik út Azië en is troch de jierren hinne fia Ruslân en Dútslân yn ús lân kommen. De waskbearhûn is hiel skou en libbet foaral yn wiete gebieten, mar wurdt ek wol sjoen by dasseboarch.

Undersiker Jaap Mulder ropt minsken op harren by de Sûchdiereferiening te melden, as se stront fan de waskbearhûn of in dea eksimplaar fine. Oan de ein fan it jier moat it ûndersyk klear wêze en is dúdlik hoefolle fan dizze eksoaten der yn Fryslân foarkomme.

Trefwurden: 
waskbearhûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)