Ferwerderadiel set de stap der yn

© ANP
De gemeente Ferwerderadiel begjint meikoarten mei it projekt 'Stap je gezond'. It bestiet út twa ûnderdielen. In beweechmjitter om it bewegen te stimulearjen en foarljochting oer sûn iten. Fia in persoanlike webside kinne dielnimmers harren resultaten folgje.
Minsken mei in lichaamlike beheining kinne ek meidwaan oan it projekt. Der is gjin minimum of maksimum leeftyd. It projekt duorret fjouwer moanne.