Ljouwerter oppakt mei fjoerwapen mei munysje

De fertochte hie in fjoerwapen by him © Politie Leeuwarden
De plysje hat sneintenacht twa Ljouwerters fan 20 jier oanholden by in hoarekasaak op it Ruterskertier yn de stêd. Ien fan de fertochten wie nei in rúzje de kroech útsetten. Hy soe neffens omstanners in fjoerwapen by him ha.
Doe't de plysje him fûillearje soe, waard de Ljouwerter agressyf en waard dêrom yn de boeien slein. In stedsgenoat besocht de oanhâlding te kearen troch ien fan de plysjes op de grûn te wurkjen. Ek hy is oppakt. Op it buro waard by de earste fertochte in fjoerwapen fûn, mei in magazyn mei patroanen.
It wapen is is yn beslach naam en de Ljouwerter hat in hoareka-ferbod krigen. De plysje siket nei tsjûgen fan de rúzje yn de hoarekasaak.