LDODK wint yn de lêste sekonden fan DOS '46

LDODK hat mei in protte gelok revâns nimme kinnen op DOS '46. Yn Nijeveen wûnen de kuorballers fan Terwispel en De Gordyk mei 23-22 fan de thúsploech. De winnende goal foel in pear tellen foar de ein út in trochbraak fan Erwin Zwart. Yn de earste helte wiene beide ploegen oan inoar weage mei in 10-10 stân by it skoft. Yn it begjin fan de twadde helte rûn DOS hiel gau út nei 15-10. LDODK skoarde in de slotfaze fjouwer kear op rige en pakte op it nipperke de folle winst.
Earder dit seizoen wie DOS '46 mei 20-15 de sterkste op 'e Gordyk
By LDODK kamen de measte treffers fan André Zwart. Hy makke der acht. Menno Russchen skoarde seis kear en Femke Faber trije kear. Erwin Zwart makke de belangrykste, mar hie dizze kear syn skot net. Hy makke mar twa.