SC Cambuur pakt earste winst yn 2016 troch PEC te ferslaan

Cambuur hat troch in goal fan Jack Byrne yn de thúswedstriid tsjin PEC Zwolle de earste winst fan 2016 pakt. It doelpunt foel yn de 84e minút. De Ljouwerters setten goed útein mei kânsen foar Van de Streek, Barto en Overgoor.
Zwolle, de ploech wurdt pleage troch in protte blessueres, liet Cambuur it spul meitsje. Healwei wie it noch altyd 0-0. Doe't Ouasim Bouy fan Zwolle mei read fan it fjild moast, hie de ploech fan Marcel Keizer in healoere in man mear. Vitas skoarde wol, mar stie bûtenspul. De echte goal fan Byrne kaam dochs noch.