Ryptsjerkster einen hawwe in nije eineberch

27 feb 2016 - 16:34

Ryptsjerk is noch mear in eineparadys wurden, no't der in eineberch yn gebrûk nommen is. It houten flot is sneon yn de Ryptsjerksterfeart takele. Ryptsjerk hat in spesjale bân mei de ein en ek in eineferiening. De feriening bestiet al sûnt 1938 en it hiele doarp is lid. De kontribúsje is 15 sinten per jier en is noch nea omheech gien. It jild wurdt elk jier hûs oan hûs ophelle.

Neist de gesellichheid binnen de feriening is it fansels de bedoeling om de einepopulaasje yn it doarp yn stân te hâlden. Ryptsjerk hat sa'n fyftich doarpseinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)