Stikken út depot útstald

24 apr 2012 - 20:26

Museum it Hannemahûs yn Harns sil fan kommend wykein ôf in part fan har depotkolleksje oan it publyk sjen litte. Goed 100 stikken dy't gewoanwei fier fuortstoppe binne steane foar in pear moanne ekstra yn de belangstelling. It giet dan ûnder oare om in skipslantearne, in koperen strykizer of in beukerfytske.

De stikken binne útsocht troch tweintich ynwenners fan Harns, dy't yn leeftiid farieare fan 10 oant 94. It museum hat besocht om fan de groep Harnzers in ryk ferskaat te meitsjen. De tentoanstelling is te sjen oant en mei 30 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)