Ferwûne by botsing auto-frachtauto op A7 by Aldehaske

27 feb 2016 - 15:31

Op de A7 fan Aldehaske en It Hearrenfean hat sneontemiddei in oanriding west tusken in auto en in frachtwein. Dêrby is de bestjoerder fan de auto ferwûne rekke. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De sneldyk fan De Jouwer nei It Hearrenfean waard ôfsletten, ferkear is by Aldehaske omlaat. Der stie al gau in lange file.

Trefwurden: 
botsing A7
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)