FNV: "Klomp set meiwurkers ûnterjochte ûnder druk"

Klomp set syn meiwurkers ûnder druk, neffens fakbûn FNV
Taksybedriuw Klomp stelt yn in mail syn meiwurkers foar in bysûndere kar: as se harren jild opeaskje, dêr't se rjocht op hawwe, dan giet it bedriuw fallyt. Dogge se dat net, dan kin Klomp bestean bliuwe en hâlde se harren baan. Fakbûn FNV hat de meiwurkers advisearre dat jild op te eaksjen.
Neffens fakbûn FNV set Klomp hjirmei syn meiwurkers op in ûnterjochte wize ûnder druk. It driigjende fallisemint hat neffens it fakbûn hiele oare oarsaken nammentlik mismanagement, te lege ynskriuwings en it struktureel net neikommen fan de CAO.
De rjochter hat besletten dat Klomp de meiwurkers in grut bedrach neibetelje moat. Fakbûn FNV advisearret syn leden om net op de mail fan Klomp te reagearjen en it jild wol op te easkjen. Neffens Minke Jansma fan it FNV giet Klomp al hiel lang "bijzonder creatief" om mei de CAO. "Maar de CAO is algemeen bindend verklaard. Dat betekent simpelweg dat elk taxibedrijf die moet naleven."