Steatsboskbehear stjoert studinten fuort út bosk Wynjewâld

27 feb 2016 - 13:09

In groep fan hast 30 studinten út Grins hat freedtejûn foar opskuor soarge yn de bosken by Wynjewâld. Se hâlden dêr in ritueel mei in grut fjoer en in soad kabaal. Der waarden sels swurden by brûkt. Yn it ferline ûnstie dêrby in soad skea yn de bosk. Twa boskwachters stiene dêrom paraat en sprutsen de groep oan. De studinten binne úteinlik fuortstjoerd. De groep siet yn in kampearbuorkerij yn Bakkefean.

Steatsboskbehear wol mei de kampearbuorkerijen yn de omkriten om de tafel om problemen yn de takomst foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)