Plysje brûkt pepperspray tsjin dronken fytser

Pepperspray
In 30-jierrige drankrider út Ljouwert fersette him freed sa bot tsjin syn oanhâlding dat de plysje pepperspray brûke moast om de man ûnder kontrôle te krijen. De fytser wie belutsen by in ûngelok op de krusing fan de Oastergoawei en de Aldlânsdyk. De man waard oanriden troch in automobilist doe't hy troch read ljocht ried.
Al gau die bliken dat de fytser mei drank op riden hie. Hy misledige de plysjes en fersette him tsjin syn oanhâlding. Nei it brûken fan de pepperspray koene de plysjes de man yn de boeien slaan.