Auto botst mei buske by de Grote Wielen, gjin ferwûnen

In botsing krekt bûten Ljouwert hat freedtejûn foar in grutte ravaazje soarge op de N355. Ta hichte fan de Grote Wielen kamen in auto en in buske yn botsing. Dêrby is it buske tsjin in ferkearsljocht oanriden en op syn kant yn de berm telâne kaam.
Der soe nimmen ferwûne rekke wêze by de botsing. Troch de ravaazje op de dyk moast it ferkear rekken hâlde mei oerlêst en fertraging.