Plysje pakt drankrider op yn Ljouwert

© ANP XTRA
De plysje fan Ljouwert hat freedtemoarn betiid in drankrider oppakt. Plysjeminsken hienen fan tsjûgen in melding krigen dat in automobilist mooglik dronken achter it stjoer siet. Letter seach de plysje de man yn de stêd riden en hawwe se de auto oan de kant setten.
Ut in blaastest die bliken dat de 49-jierrige bestjoerder yndie tefolle dronken hie. Hy krige in boete fan hast 500 euro, in rydferbod en hy moat op kursus.