Marrit Leenstra net bliid mei ûnwisse takomst reedrydploech

Marrit Leenstra yn aksje © ANP
Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel fynt it ferfelend dat der noch gjin dúdlikens is oer de takomst fan har reedrydploech. Dat seit Leenstra yn oanrin nei it WK sprint dat sneon begjint. Earder dit jier makke Corendon, de haadsponsor fan Leenstra's ploech, bekend der nei dit seizoen mei op te hâlden. De reedrydster hie hope oant de Winterspelen fan 2018 wissichheid te hawwen. Dan soe se dêr yn alle rêst nei ta wurkje kinne, mar dat kin no net.
WK sprint
Leenstra rydt dit wykein yn Súd-Korea it WK sprint. Se hat gjin hege ferwachtingen fan it klassemint, mar wol benammen twa goede 1000 meters ride. Op de 500 meters komt se tekoart foar in goed klassemint, tinkt Leenstra.