Keninklike ûnderskieding foar Jan Donker fan Appelskea

Lintsje © ANP
Jan Donker (61) út Appelskea hat freedtejûn in lintsje krigen. Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf rikte de keninklike ûnderskieding út yn de brânwachtkazerne fan Appelskea.
Donker hat dêr tusken 1978 en 2016 aktyf west as frijwillich brânwachtman. Hy hat alle 38 jierren op 'e post yn Appelskea sitten.