De Gearrin yn Aldegea iepenet nij beweechplein

By it multyfunksjoneel sintrum De Gearrin yn Aldegea (Smellingerlân) is in beweechplein oanlein. Op sneon 2 april is de offisjele iepening fan it beweechplein, mar leafhawwers kinne der no al terjochte. Op it beweechplein steane acht tastellen en dy binne geskikt foar jong en âld. Al langere tiid bestie de winsk foar in beweechplein yn Aldegea, omdat der yn it doarp gjin fitnessromte is.
Sportklups yn it doarp ha al oanjûn dat se de tastellen brûke wolle as oanfolling op de eigen aktiviteiten. It folgjende projekt fan Doarpsbelang Aldegea is de oanlis fan in jeu-de-boulesbaan.