Drachtster offisjeel fertocht fan bedriging Geert Wilders

26 feb 2016 - 14:42

De Drachtster dy't him freedtemoarn by de plysje melde fanwegen tweets oer Geert Wilders, wurdt offisjeel fertocht fan bedriging fan de PVV-politikus. Hy is de hiele moarn heard en de plysje hat proses-ferbaal tsjin him opmakke. Hy is wer frijlitten.

De man sette tongersdei berjochten op Twitter wêryn hy ûnder oare skreau: ''Geert Wilders, kom een keer naar Drachten. Ik schiet een kogel door je kut kop. Ik snij je open en voer je aan de varkens.'' Geert Wilders hat noch gjin oanjefte dien.

De man wie lid fan de Jonge Democraten Fryslân fan D66. De partij sil him sa gau as mooglik royearje en nimt ôfstân fan syn útlittingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)