Otigba ferlinget kontrakt, Van den Berg moat wachtsje

26 feb 2016 - 13:59

Hearrenfean-spiler Kenneth Otigba hat syn kontrakt mei twa jier ferlinge. It kontrakt fan de sintrale ferdigener rûn nei dit seizoen ôf.

Otigba spile oant no ta 80 wedstriden foar SC Hearrenfean, weryn hy acht kear skoarde. Yn dit seizoen spile hy al 23 wedstriden en dêrmei is de Nigeriaanse Hongaar in fêste krêft yn de Feanster definsje.

Ek Stefano Marzo mei syn kontrakt ferlinge. Hy hat noch in opsje fan twa jier en sil neitinke oer in langer ferbliuw. Oanfierder Joey van den Berg moat noch efkes wachtsje op kontraktferlinging. De klup wol earst in nije trainer oanstelle en dy syn miening hearre, foardat se Van den Berg in oanbieding dwaan sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)