Frachtwein yn berm feroarsaket file op Drachtsterwei

26 feb 2016 - 13:05

Ferkear dat oan de ein fan freedtemoarn fia de Drachtsterwei Ljouwert ynride woe, hat lêst hân fan in frachtwein dy't fêst siet yn de berm.

De frachtauto kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm telâne en koe der net mear útkomme. Bergers ha de wein út de berm lutsen. Dêrby kaam in soad modder op de dyk dy't earst opromme wurde moast foar't it ferkear wer ride koe. De dyk hat hast in oere ticht west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)