Mear boubedriuwen op omfallen

24 apr 2012 - 17:16

De fal fan it kabinet Rutte is desastreus foar de bousektor. De ôfdieling Fryslân fan Bouwend Nederland ferwachtet dat troch de politike krisis yn Den Haach in grut tal Fryske boubedriuwen ynkoarten fallyt gean sil.

It fallisemint fan bedriuwen as Steinfort Glêshannel yn Frjentsjer en bougigant Noppert op It Hearrenfean is neffens de ôfdieling Fryslân fan Bouwend Nederland noch mar it topke fan de iisberch. Om't de bousektor al in skoft yn krisis sit, binne krekt no dúdlike maatregels nedich, sa seit Bouwend Nederland.

Mar troch de kabinetskrises stiet alles lykwols wer faai, wurde besluten opskood en liket in fallisemint foar in grut tal boubedriuwen net mear foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)