Omrop TIP: Jorwert wol flechtlingen opfange yn doarpshûs

De ynwenners fan Jorwert stean hielendal efter de plannen om it doarpshûs Ons Huis geskikt te meitsjen foar in asylsikersgesin. Dat docht bliken út de saneamde keukentafelpetearen dy’t Doarpsnut de ôfrûne wiken fierd hat. Yn lytse groepkes waarden saken dy’t yn it doarp spylje, bepraat.
Ien fan de ûnderwerpen wie it plan fan de flechtlingen. Ut de reaksjes fan de ynwenners docht bliken dat se fjouwerkant efter de plannen stean en dat net allinne, se biede ek daliks harren help oan.
"It draachflak is grut, om it doarp kin it wol trochgean", sa seit foarsitter Douwe de Bildt fan Doarpsnut. Tûkelteammen binne no noch it bestimmingsplan, dat wizige wurde moat, en it jild foar de ferbouwing. Mar de ferwachting fan De Bildt is dat it wol klear komt. Yn it programma Buro de Vries fan snein 28 febrewaris in lange reportaazje oer de fuortgong fan de plannen yn Jorwert.
Buro de Vries: Alle sneinen fan 11:00 oant 13:00 oere op Omrop Fryslân Radio.