Eanjum krijt grien ljocht foar nij multyfunksjoneel gebou
De gemeenteried fan Dongeradiel hat tongersdeitejûn definityf grien ljocht jûn foar in nije, multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) yn Eanjum. De ried gie akkoart mei in wiziging fan it bestimmingsplan dat de komst fan it MFA mooglik makket.
De stichting MFA De Dobbe kin no mei de nijbou oan de slach, yn stee fan it âlde gebou op te knappen. Dat wurdt mei mooglik makke om't de NAM in regiokantoar mei fyftich wurkplakken yn it doarpssintrum iepenet.
Yn it nije gebou komme ek in húsdokterspraktyk, berne-opfang, fysioterapy, soarchkantoar en in kapper. De ferwachte oplevering fan beide gebouwen is yn it foarjier fan 2017.