Ferkeap elektryske fytsen soarget opnij foar winst by Accell

Fytsefabrikant Accell Group hat opnij in hegere winst helle. Ferline jier lei dy winst op rom 32 miljoen euro, dat is 22 prosint mear winst as yn 2014. Benammen de ferkeap fan sportive elektryske fytsen soarget foar de groei. De ferkeap dêrfan giet goed yn ferskate Europeeske lannen, mei as útsjitter Dútslân, dêr't de sportive elektryske fytsen hast in kwart fan de omset bepale.
De ferkeap fan elektryske fytsen soarget al in oantal jierren op rige foar in hegere winst foar de Accell Group. Dy hat ûnder oare in fêstiging op It Hearrenfean.