Lanlike kampanje tsjin iensumheid kriget Frysk ferfolch

Kearn Welzijn, aktyf yn Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen, hâldt it hiele jier ekstra aksjes tsjin iensumens. It aksjejier is in ferfolch op de lanlike kampanje 'Samen tegen eenzaamheid'. Doe waarden petearen fierd mei hûnderten minsken oer iensumens. Op basis dêrfan is in aksjelist makke. Dêr stean saken op lykas kofjedrinke mei de buorlju, faker mei ien belje of jin oanmelde as frijwilliger.
By Kearn fernamen se fuortendaliks effekt fan dizze iene aksje. Ferskate minsken hawwe har al opjûn by de Frijwilligerssintrale.
Iensumers komt faker foar as men tinkt
Mar dit is pas it begjin, seit Kearn tagelyk. In soad minsken tinke noch hieltyd dat iensumens in "ver-van-mijn-bed-show" is, seit Sigrid de Klein fan Kearn. Mar dat is net sa. Kearn wol mei ferskate aksjes minsken dêr bewust fan meitsje.
Praktyske help
Dêrneist wurket Kearn achter de skermen oan plannen om gearwurking te sykjen mei oare partijen. Dy kinne minsken praktysk stypje yn de striid tsjin de iensumens.