Tresoar hat unike foto fan Febrewarisstaking 1941

25 feb 2016 - 17:17

Bij Tresoar yn Ljouwert is in unike foto fan de Febrewarisstaking fan 1941 oan it ljocht kaam. Op de foto stiet in groep stakers op it Raamplein yn Amsterdam. De foto fan in 5 by 5 sintimeter stiet yn it deiboek fan sjoernalist Keimpe Sikkema. De foto is unyk, om't der eins hast gjin foto's fan de stakingen yn Amsterdam en omkriten binne.

By de Febrewarisstaking kamen tûzenen minsken yn aksje tsjin de behanneling fan de Joaden troch de Dútske besetter. It wie de earste grutte aksje yn Nederlân tsjin de joadeferfolging.

De foto en de teksten binne fan freed ôf op de side fan Tresoar te finen. It Nederlânsk ynstitút foar oarlochsdokumintaasje (NIOD) yn Amsterdam hat al sein ek belangstelling te hawwen.

Trefwurden: 
Trseoar Febrewarisstaking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)