Provinsje yn noed oer Thialf

24 apr 2012 - 16:19

De provinsje sit yn noed oer ferskate projekten dy't troch de fal fan it kabinet wolris grutte fertraging oprinne kinne. Dat jildt bygelyks foar de nije Taalwet Frysk, dy't it Frysk likefolle rjochten jout as it Nederlânsk. It jildt ek foar de weryndieling fan Boarnsterhim en yn Súd-Fryslân.

Ek de fernijbou fan Thialf dêr't it ryk 20 miljoen oan meibetelje moatte soe en it fernijen fan de Ofslútdyk kinne neffens deputearre Hans Konst wolris fertraging oprinne troch de fal fan kabinet Rutte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)