Telgenkamp komt, Bizot giet

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat mei Dennis Telgenkamp in nije keeper oanlutsen. De 24-jierrige Telgenkamp wurdt foar ien seizoen hierd fan Heracles Almelo. Oan de oare kant nimt Cambuur ôfskie fan Marco Bizot. De Ljouwerters woene wol mei him fierder, mar neffens direkteur Gerald van den Belt is hy net te hâlden. 'Bizot keept waarschijnlijk in de eredivisie volgend jaar', seit Van den Belt.
Cambuur is ek ticht by in akkoart mei jeugdspilers Alim Öztürk en Frits Dantuma. Sy kinne foar ien jier bytekenje, mei in opsje foar noch in jier.