Ek Fryske bern ite te min griente

25 feb 2016 - 13:56

Bern moatte mear griente ite. In soad dokters meitsje harren soargen oer it ytpatroan fan bern, sa stiet yn de Metro. Sa'n 70% fan alle bern yn it lân yt noch net iens de helte oan griente as nedich is op in dei. De krante stelt dat as bern mear grien ite soene, sy minder faak siik wurde.

Nynke Wiersma, bernediëtiste fan de GGD fynt it ek wichtich dat bern én âlden genôch griente ite, mar tinkt net dat bern minder faak siik wurde as se mear griente ite.

Neffens Nynke Wiersma hawwe wy hjoed-de-dei mear lêst fan de saneamde ''wolfeartssykten''. Dat betsjut dat der in soad oar iten lykas snobbersguod en oar net sûn iten te krijen is. Minsken ite dit soart iten yn it plak fan griente en dat kin oergewicht en hert-en faatsykten feroarsaakje.

Trefwurden: 
griente bern GGD diëtiste
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)