Foarearst gjin flechtlingen nei hotel De Valk yn Frjentsjer

25 feb 2016 - 13:09

Der komt foarearst gjin needopfang fan flechtlingen yn it eardere hotel De Valk yn Frjentsjer. Dat lit de gemeente Frjentsjerteradiel witte. De ôfrûne tiid is der praat mei it COA oer de betingsten foar de fêstiging fan de needopfang, mar de partijen binne der net útkommen.

It COA sjocht it eardere motel wol as in geskikte lokaasje. It fersyk oan de gemeente om flechtlingen op te fangen bliuwt ek stean. De gemeenteried sil dêr tongersdei oer prate.

It plan foar it fêstigjen fan in flechtlinge-opfang yn it eardere hotel kaam fan it bedriuw Woonstate B.V. Dy woe it gebou dêrta keapje fan de hjoeddeiske eigener Folkert Kuperus. Neffens de gemeente binne der ek oare partijen dy't it gebou fan Kuperus oernimme wolle, om der in opfang yn ûnder te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)