Omrop TIP: Enerzjyneutraal op eigen krêft

Der wurdt in soad sein en skreaun oer de partisipaasjemienskip, mar faak is net dúdlik hoe’t dy wurket. Yn Fryslân DOK litte Fryske mienskippen sjen hoe’t se op eigen krêft duorsum besykje te wurden. Dêrfoar folgje we de ûntwikkelingen yn Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden. Dy Fryske doarpen wolle enerzjyneutraal wurde.
Mentaliteitsferoaring
De dokumintêre hat twa ynfalshoeken: oan de iene kant de mienskiplike feroaring en oan de oare kant de belibbing fan de ‘gewoane boarger’. De partisipaasjemienskip, dêr’t elk sines oan bydraacht en de oerheid op syn heechst fasilitearret, freget om in feroaring fan mentaliteit. En dat ferrint net altyd like maklik.
Nei in muoisum proses oer wynenerzjy binne yn tal fan Fryske doarpen en wiken inisjatyfgroepen ûntstien dy’t oerstappe wolle op duorsume enerzjy. Mar hoe moat dat organisearre wurde? En hoe krije je elkenien mei yn dy ambysje? De doarpen yn ‘Feroarkrêft’ binne in jier lang folge yn dy ûntwikkelingen.
De dokumintêre 'Foaroarkrêft' is sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Telefyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.