Kettingbotsing by Menaam

24 apr 2012 - 15:43

Ferkear op autodyk A31 fanút de rjochting Harns nei Ljouwert moat tiisdeitemiddei rekken hâlde mei fertraging. It ferkear wurdt omlaat fanwege in kettingbotsing. By de botsing wiene seker fjouwer auto's belutsen. It ûngelok barde yn de buert fan it tankstasjon tusken Dronryp en Marsum.

Neffens de plysje hawwe de bestjoerders fan de auto's lichte ferwûnings oprûn. Fierder is der in soad blikskea. De oarsaak fan it ûngelok is nei alle gedachten in hagelbui, dy't de bestjoerders fan 'e auto's oerfoel.

Ferkear op de A31 tusken Ljouwert en Harns moat noch wol rekken hâlde mei glêdens. Troch in hagelbui is it dek fan de autodyk op guon plakken tige glêd wurden. Rykswettersteat ropt automobilisten op om foarsichtich te riden. Der hawwe al in pear slippartijen west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)