Frjentsjerter fertochte bliuwt 90 dagen langer fêstsitten

25 feb 2016 - 11:15

De 71-jierrige man út Frjentsjer dy't fertocht wurdt fan de moard op syn 74-jierrige frou, bliuwt noch 90 dagen langer fêstsitten. Dat hat de riedkeamer tongersdei besletten. Neffens de riedkeamer is it foar it ûndersyk nedich dat de man langer fêstsitten bliuwt.

De frou is op 9 febrewaris dea fûn yn har wenning oan de Eise Eisingastrjitte. Ut ûndersyk die bliken dat de frou mei geweld om it libben brocht is. Har man is oanhâlden op fertinking fan moard of deaslach.

Trefwurden: 
deade frou Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)