Jongeren rapportearje oer WO 2

24 apr 2012 - 15:16

Wat witte jongerein hjoed-de-dei noch fan 'e Twadde Wrâldoarloch? Learlingen fan 'e fjirde klasse fan gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert fregen it harren skoalgenoaten foar in skoalopdracht. De resultaten binne oanbean oan it Fersetsmuseum.

It museum brûkt de ynformaasje foar de opset fan it nije museum, dat yn 2013 op Saailân iepen gean sil. It oanbieden fan it rapport barde yn 'e Blokhúspoarte, it gebou dat yn de oarloch brûkt waard as finzenis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)