Seldsume bij by Lauwersmar

Yn it Lauwersmargebiet is in seldsume bij ûntdutsen. It giet om in donkere wylgesânbij. De bij stiet op de list mei kwetsbere bistesoarten. De wylgesânbij komt foaral foar yn gebieten mei keal sân yn kombinaasje mei droege en wiete plakken. Ek moatte der genôch bloeiende wylgen wêze.
It bistje is noch mar op in pear plakken yn Nederlân sjoen. Njonken it Lauwersmargebiet giet it om it Noardhollânske dúnreservaat en op in tal plakken yn Limboarch.