De Graafschap krijt boete foar fjoerwurk by Cambuurwedstriid

24 feb 2016 - 16:55

Fuotbalklup De Graafschap hat fan de KNVB in boete krigen fan 7.500 euro, yn ferbân mei de ynsidinten mei supporters by de wedstriid tsjin Cambuur op 27 novimber ferline jier. Supporters fan De Graafschap stutsen doe fjoerwurk ôf en smieten guod op it fjild en klommen oer de stekken fan it útfak.

De Graafschap wol de boetes ferhelje op de dieders. De klup út Doetinchem is de lêste jierren al mear jild kwytrekke oan boetes foar saken as fjoerwurk en sprekkoaren. Neffens in wurdfierder hie de klup dêr hiel wat bettere saken foar dwaan kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)