Feanwâldsters binne ferdield oer flechtlingeneedopfang
Ynwenners fan Feanwâlden kinne woansdei ynformaasje krije en fragen stelle oer de needopfang foar flechtlingen, dy't mooglik yn it doarp komt. Se binne ferdield. Yn de sporthal oan de Ljurkstrjitte is in ynfomerk fan 16.00 oant 19.00 oere.
Ferline wike waard al bekend dat de gemeente Dantumadiel in plak oan de Feintensloane - op bedriuweterrein De Swette - oanbiede wol oan it COA. Dêr soe in needopfang boud wurde kinne, foar op syn meast 300 bewenners. Begjin april nimt de rie fan Dantumadiel in beslút oer it foarstel fan it kolleezje.
Protest en wolkom
Op de ynformaasjemerk kinne de ynwenners fan gedachten wikselje mei fertsjintwurdigers fan de gemeente. Ek binne de minsken fan de plysje en fan flechtlingewurk oanwêzich. Ferline wike wie der in ynformaasjegearkomste foar de direkte omwenners.
Tsjin de komst fan in needopfang is foar woansdeitejûn in protestmars oankundige. Dy mars soe begjinne yn it sintrum fan it doarp en dêrwei nei de sporthal oan de Ljurkstrjitte gean. Op in oantal plakken yn it doarp steane protestbuorden, mar der binne ek minsken dy't de flechtlingen mei buorden just wolkom hjitte.