Sinnerace tige ynternasjonaal

24 apr 2012 - 11:59

Mei foar it earst in team út Sina, Finlân en Turkije is de kommende sinneboatrace de meast ynternasjonale ea. Ut njoggen lannen dogge 42 teams mei oan de race by de alve stêden del. Dat ynternasjonale karakter is wichtich foar de útstrieling fan 'e wedstriid en dêrom wurdt alle war dien om ek alle ambassadeurs by de start op 8 july yn Ljouwert te krijen.

Dy start is yn de Prinsetún yn Ljouwert. De wedstriid duorret fiif dagen. De organisaasje sil ek België en Bahrein helpe mei it opsetten fan in sinneboatrace yn dy lannen.

De organisaasje hopet ek op ekstra mediabelangstelling. Ut Sina komt in tillevyzjeploech om harren team te folgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)