Rekkenkeamer hat krityk op oanpak pop-oefenromte yn Snits

De rekkenkemaer fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat in soad krityk op de realisaasje fan de oefenromte foar popmuzikanten yn Snits. Der is fierstente lang allinnich sjoen nei de Geaubrêge, pas nei fiif jier kamen alternativen yn byld. Yn 2007 waard besletten om fan de âlde Geaubrêge in popkelder te meitsjen, mar der ûntstiene grutte problemen, lykas it wetterticht meitsjen.
Te let waard sjoen dat de kelder troch ferskate oare gemeentlike plannen ûnberikber wurde soe. Uteinlik kaam der nei acht jier in oefenromte yn de Havenstrjitte.
De rekkenkeamer advisearret no om ek by oare gemeentlike plannen foarôf folle better ûndersyk te dwaan nei alternativen. Woansdeitejûn wurdt it rekkenkeamerrapport presintearre oan de gemeenteried fan Súdwest Fryslân.