Revalidaasje Antoniussikehûs dien troch Revalidaasje Fryslân

24 feb 2016 - 11:10

It Antoniussikehûs yn Snits en Revalidaasje Fryslân hawwe woansdeitemoarn foar tsien jier in gearwurkingsoerienkomst sletten oer de revalidaasje binnen it sikehûs. Dy giet selsstannich fierder ûnder Revalidaasje Fryslân.

Neffens it sikehûs is it goed foar de pasjinten dat der no foar langere tiid ôfspraken makke binne. Sa wurdt it team better oanstjoerd en boppedat moat de nije wurkwize soargje foar koartere wachtlisten. Revalidaasje Fryslân wurket no gear mei seis sikehuzen yn it Noarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)