Wethâlder Bonnema hoecht noch net te ferhúzjen

24 feb 2016 - 10:41

Wethâlder Bram Bonnema fan Littenseradiel krijt noch in jier langer de tiid om in wenning yn dy gemeente te sykjen. Bonnema wennet yn Frjentsjer, mar yn de wet stiet dat bestjoerders wenje moatte yn de gemeente dêr't se wurkje.

Bonnema krijt fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in ûntheffing fan dy plicht oant maaie 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)