N381 foar de Raad van State

24 apr 2012 - 10:25

De opwurdearring fan de N381 fan Drachten nei de Drintske grins ta 'autodyk' moat stopset wurde. Dat bepleitsje bewenners en aksjegroepen tiisdei foar de Raad van State. Mei de opwurdearring wol de provinsje de dyk feiliger meitsje en de berikberheid ferbetterje.

Neffens de stifting Behoud Buitengebied Donkerbroek-West is de opwurdearring fan de dyk net nedich en wurdt it lânskip te bot oantaast. De Raad van State sil oer twa wike útspraak dwaan yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)